Activiteiten

 
 

Op welke dag zie jij het liefst CDJA-activiteiten plaatsvinden?

 
 
Add to Google CDJA publications on issuu CDJA Wikipedia CDA Vandaag
 
Nieuwsbrief
 




Velden gemarkeerd met een * zijn verplicht
 
Zoeken
 
 
 

CDJA Tweets

 

Yntroduksje CDJA - Frysk

Kristen Demokratyske Jongereinferiening



It CDJA is in jannewaris 1981 oprjochte as de offisjele jongerenorganisaasje fan it CDA. Ynteressearre yn de polityk fan de kristen-demokraten moetsje jongeren mekoar. As jonge kristen-demokraten binne wy fertsjintwurdige op ferskate nivo’s; op pleatslik, provinsjaal en lanlik nivo hawwe wy ôfdielingen. It CDJA is ien fan de gruttere politike jongereinorganisaasjes yn Nederlân. Yn Fryslân is it CDJA sels de grutste. Europees is der gearwurking mei oare jonge kristen-demokratyske organisaasjes yn it YEPP (Youth organisation of the European People’s Party).

Yn it CDJA hat eltse provinsje in eigen skift. Yn Fryslân binne wy de grutste en aktyfste politike jongereinferiening. Wy organisearje eltse moanne in aktiviteit. Op dizze jûnen noegje wy sprekkers út dy’t in ferhaal hâlde oer in aktueel ûnderwurp, wêrnei’t wy redendiele mei de sprekkers en mekoar. Op dizze foet binne der al in protte twadde keamerleden yn Ljouwert west te sprekken. Fjirder stypje wy jongeren dy’t yn har eigen gemeente aktyf wêze wolle; as bestjoerslid of yn de ried. De sfear is goed, sadat nei ôfrin fan it offisjele part it altyd noch in skoft gesellich is.

Ús útgongspunten binne ienriedigens (solidariteit), gerjochtichheid, dielde ferantwurdlikens en rintmasterskip. Dit betsjut dat wy nei mekoar omsjen moatte yn it deistich libben en rjocht dwaan moatte oan eltsenien. Ek moatte wy net te folle freegje fan de minsken sels, mar ek net alles op ‘e skouders fan de oerheid del komme litte. As lêste stean wy noed foar de wrâld en rekkenje mei de kommende generaasje. Wy bepale ús stânpunten op demokratyske wize yn it algemien bestjoer, wêr’t eltse provinsje in fertsjinwurdiger hat, en op de algemiene ledegearkomste, dy’t elts heal jier plak fynt. Elts lid kin in resolúsje yntsjinne, wêryn’t hy of sy oanjout hoe’t neffens him of har it CDJA tinke moatte soe; hjiroer wurd dan in beslúten.

Do kinst altyd kontakt opnimme mei ús foar mear ynformaasje oer ús feriening. Ast graagh yn it Frysk antwurd haw wolst, kinst it beste mei de foarsitter fan ‘e Fryske ôfdieling kontakt opnimme.

Klik oars efkes hjir.